KLIK HIER VOOR DE UITSPRAAK
Ek tsjustere wolken kinne net lang hingjen bliuwe.
Under in steand seil is it maklik kloetsjen. Wa’t troch it fjoer flein is, sil net troch de sinne rane. Wa’t út de pas rint, trapet op saken dy’t oaren noch net sjen kinne. Wachtsje jim foar noardewyn, en al te gleie sinneskyn. Wa’t himsels yn ‘e spegel besjocht, sjocht net altyd wat him foar eagen stiet. Wat lit ik it stowe, sei de mich dy’t op ‘e koets siet. Wat mear as men in kat streaket, wat heger as de sturt stekt.Wat sjonge en omdangelje en net folle wurk dwaan: ’t is in wyldsang mei dy. Wêr’t wy op ‘e wrâld ek binne, oer ús skynt deselde sinne.Wêr’t de holle fol fan is, rint de folpinne fan oer. Wês in sinnestriel, in oar hat der ferlet fan.
Heb je tijd om een beetje Frysk te leren? Dat kan zonder geld en moeite op het adres bit.ly/2ZPpAgA met de taalcursus OANT MOARN (elke dag een beetje oefenstof Frysk (+ uitspraak) en Hertaling in het Nederlands.