HET PARFUM van Patrick Süskind vertaald in het Frysk.
.
De wereldberoemde roman Das PARFUM verscheen al in 54 talen. Er werden zo’n twintig miljoen exemplaren van verkocht. in 2006 kwam de filmversie uit onder de titel Perfume: The Story of a Murderer. De film won diverse prijzen. Gister werd het boek in de Fryske vertaling geopenbaard. De vertaler is Jan Popkema uit Burgum. Uitgever: REGAAD.
ISBN: 978 90 821970 8 2 , NUR: 302 www.regaad.nl
Een fragment uit IT PARFUM kun je hier beluisteren >
Yn de tiid dêr’t wy it oer hawwe, hearske yn de stêden in foar ús, moderne lju, ûnfoarstelbere stank. De strjitten stonken nei dong, de achterhôven stonken nei miich, de treppehuzen nei fermôge hout en rottekeutels, de keukens nei bedoarne koal en skieppefet; de keamers, dy’t noait wierre waarden, stonken nei muffich túch, de sliepkeamers nei fettige lekkens, nei dampe fearren dekbêden en nei de mjitske rook fan nachtpotten. Ut ’e skoarstiens stonk swevel, út ’e learloaierijen stonk bitend leach, út ’e slachthuzen stonk bestjurre bloed. De minsken stonken nei swit en net-wosken klean; út ’e mûle stonken se nei ferrotte gebitten, út ’e mage nei sipelsop en as se net sa hiele jong mear wiene, stonken har liven nei âlde tsiis en nei soere molke en nei kankerjende swolmesykten. De rivieren stonken, de pleinen stonken, de tsjerken stonken, it stonk ûnder de brêgen en yn de paleizen. De boer stonk likegoed as de pryster, de feint likegoed as de frou fan de baas, de hiele adel stonk, ja, sels de kening stonk, as in rôfdier stonk er, en de keninginne as in âlde geit, winters likegoed as simmers. Yn de achttjinde iuw wiene der ommers noch gjin grinzen oan de ôfbrekkende wurking fan baktearjen. En dêrom wie der gjin minsklike bezichheid, opbouwend noch ôfbrekkend, gjin utering fan ûntkymjend of tebroazeljend libben, dy’t net mei stank mank gie.
En fansels wie yn Parys de stank op syn slimst, want Parys wie de grutste stêd fan Frankryk. En binnen Parys wie wer in plak dêr’t de stank yn ’t bysûnder ynfernaal hearske, tusken de Rue aux Fers en de Rue de la Ferronnerie, nammentlik de Cimetière des Innocents. Achthûndert jier lang wiene dêr de deaden fan it sikehûs Hôtel-Dieu en de omlizzende parochys hinne brocht, achthûndert jier lang dei yn dei út de liken by dozinen op karren oanriden en yn lange grêven stoart, achthûndert jier lang bonke op bonke loege yn de grêven en bientekouwen. En pas letter, krekt foar it begjin fan de Frânske revolúsje, nei’t guon fan dy grêven gefaarlik ynstoart wiene en de stank fan it grôtfolle tsjerkhôf de oanwenjenden net mear allinnich ta gewoan protest mar ta wiere opstân dreau, waard it tsjerkhôf by eintsjebeslút sletten en opheft en waarden de miljoenen bonken en deadskoppen yn de katakomben fan Montmartre skoffele, en waard it plak in merk foar iterij.
Wolno, dêr, op it alderbalderstjonkendste plak fan it hiele keninkryk, waard op 17 july 1738 Jean-Baptiste Grenouille berne.
Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2018/05/het-parfum-van-patrick-suskind-vertaald-in-het-frysk/