web analytics

Farwol myn skat.

 

Myn leave skat, de doedelsekken skalle,

dy’t troch de dellings gean, de bergen oer.

No is it hjerst en alle roazen falle.

Do moatst hjir wei: ik bliuw alinne oer.

 

 

 

   Mar komst werom by ’t simmer yn ‘e miede

of leit oer ’t dal in stille wite sprei,

dan sil ‘k yn sinn’  en skaad net fan dy skiede,

want leave skat, myn leave skat,

‘k hâld sa fan dij.

 

 

 

    Mar komsto wer, as ’t blomte stjert by ’t hjerst en…

bin ik dan dea (want mooglik bin ik dea),

kom dan en sykje ’t plak dêr ‘k lis te rêsten,

en knibbelje en sis foar my in bea.

 

 

 

    Dan hear ‘k dyn trêden oer my, sêft en leaf hast,

dan wurdt myn grêf in waarme, swiete sprei.

Dan bûchsto dy en seist my datst my leaf hast.

Dan sliep ‘k yn frede, oant do komst by mij.

 

 

Naar: Oh, Danny Boy 
Tekst: Frederick Edward Weatherly.
Oersetten troch Klaas Bruinsma (Drachten 2005)

 

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2017/11/farwel-myn-skat/