Net maklik is ús taal.
Wêr rûgelt sa royaal
sa’n romme rije rynske rykdom
troch in minskestrôt
oan lûden like ûntelber
as de kerlen fan it nôt.
Wêr koarret men sa’n knoarre klanken
trinten oer de tongen,
mei in mjitske mjuks fan emoasje
yn de mûle mongen,
komt soks derút as in ljurkeliet
fol leaflike lyryk
of, as ‘t register rau en rûch is
en de bekken bryk,
as ’t kôgjen op in klute klaai.
Men kin der alles mei.
Bekbrekkend is ús spraak.
Wêr ropt men sa omraak
fan lêbich frommes, grutte omkoal,
sokses, slûge, slob,
wêr rispje sa groulivich
en grouwélich gjalpen op
út azempiip en pânse
kop en kont en bek en bealch.
Wêr tizet en tamtearret men
syn tonge al den wearlich.
Wêr wierret, tjirget, twirret it,
saksearret it en siicht.
Wêr ongelt, bongelt, barget it
en reint it dat it miicht?
Net maklik is ús taal,
mar ’t klinkt as in koraal !
Rients Gratama 2013.
Voor de variatie kun je ook deze editie activeren > http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2016/11/28924/
Bron: Ik woe dat ik in Drint wie -> AFû K 2013