Hieronder een gedeelte van IERDE-LJOCHT LIGHT OF THE EARTH ( Fedde Schurer- Utflecht 1930)
Ik kin ’t net keare dat de floed
fan sinnepracht myn heart berint
en dat myn jong en bûnzjend bloed
de moaie ierde fûl bemint,
dat hiel de rike, wûndre wrâld
myn finzen hâldt.
– De waarme weelde fan de dei,
de blom dy’t foar myn finster stiet,
de lytse brune faam dy’t mei
bananen by de doarren giet-
myn leafde neamt se allegear
aloan en wer.
In ljurk, dy’t yn ‘e súv’re moarn
de lege lânnen efterlit,
dy’t, dronken fan syn eigen toan,
oars net as sulv’ren blidens wit,
en as syn liet nei d’ ein ta rint
al wer bigjint,
sa springt myn hert út leed en ûnk,
út lege mieden fan fortriet
en sjit omheech, in ljochte fûnk,
in blinkend, selsforgetten liet
dat sjongend altyd heger klimt
en nea gjin ein mear nimt.
Fedde Schurer