IT SWALKERSLIET
Do kenst hiel myn hert en siel,
want ik bin as glês en net fan stiel.
Myn grutspraak en myn lyts fertriet,
Do hearst de triennen yn myn liet.
Do kenst myn hertslach en myn sin
as ik troch lege strjitten rin.
Do kenst myn tinken en gefoel
yn d’iensumheid bisto myn doel.
Refr:
Alle swalkers komme ienris thús
Alle nachten gean foarby.
Ik ferdwaal soms yn de grutte wrâld
mar ik bin op wei nei dy.
Witst wol dat ik fan dy hâld
al doch ik faaks ek koel en kâld.
Op in ferlerne drôve dei
do wiist my altyd wer de wei.
Do hast oan my it libben jûn
Ik sykje nei in fêste grûn.
Ik wit dat leafde alles is
mar libje mei in grut gemis.
Refrein, 2x
Alle swalkers komme ienris thús,
alle nachten gean foarby.
En ik ferdwaal soms yn de grutte wrâld,
mar ik bin op wei nei dy.
Tekst Amanda Strydom, vertaling Jogchem Dijkstra, correcties Klaas Bruinsma. Melodie Janine Neethling, Zang Anneke Douma.