In fers fan Johan Bernard Schepers út 1888:
Foarjierssang
Ho strielet de sinne,
hoe grien is it wâld.
Ho ljochtsje de weachjes
sa tûzenfâld.
Hwet floitsje de finkjes,
lûd klinkt it en swiet.
For ’t wyfke yn ‘e klaver
sjongt ’t ljurkje syn liet.
Hwet sjonge de fûgels,
sa binne se op ’t skik;
mar binn’ hja sa bliid en
sa fleurich as ik?
En ik ha myn lieafste,
myn famke wer foun;
fier klinkt oer ‘e greiden
myn wille yn it roun.
Yn ’t fjild en op ’t wetter,
o, ’t is my sa rom,
’t is lieafde yn myn herte,
’t is lieafde rounom.