it ljocht hinget oer
fjilden en fûgels en kij
sinnewilledei
In fers van Akke Brouwer.
In liet fan Anneke Douma: http://www.youtube.com/watch?v=avPYjxppVvo
Fokke de Groot
– Hoe Soe Ik Net Fan Fryslân Sjonge
As lofte-blau yn’t wetter spegelt
en wolke-skaad oer d’ierde strûst,
As ljurke-sang it hert ferheget,
de wyn troch blêd en reiden rûst.
Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.
As freon en frjemd
syn frijheid romje
en seilen oer it wetter flean’,
As ljipkes oer de wjokken tomm’lje,
Hoe soe my’t hert net iepen gean.
Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.
Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
en romje´t ynleaf plakje grûn,
dêr´t sûnt ûnheugelike tiden
it Fryske folk syn wenstee fûn.