web analytics

Liet Anneke Douma: Moai sûnder wjergea.

KLIK HIER om het lied te beluisteren:

Wâldsang

Moai sûnder wergea binne de Wâlden:

smûkskaedsjend beämtegrien ôeral yn ’t roun,

blierlaeitsend boulân, tierige greiden,

sjongende fûgels, sânnich de groun.

 

Moai sûnder wergea binne de Wâlden:

smûkskaedsjend beämtegrien oeral yn ’t roun,

oeral yn ’t roun,

oeral yn ’t roun,

 

Maimoänne pronkseal’ binne de Wâlden:

’t hôf klaeid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht,

kijkes yn ’t miedlân rinne to weidsjen,

’t nôt weacht it fjild ôer, swiid is de pracht.

 

Maimoänne pronkseal’ binne de Wâlden:

’t hôf klaeid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht,

kijkes yn ’t miedlân rinne to weidsjen,

’t nôt weacht it fjild ôer, swiid is de pracht.

 

Nocht, oars sa nearne, jouwe de Wâlden:

Oerflôedich libbensswiet, soundheid en tier,

Foärjiers en simmers, hjersttiids en winters,

Fjildwille ’n hûsfreugd throch ’t hele jier.

 

 
 

Fryske biwenners habbe de Wâlden:

Hja libje frôed en from, sljucht binn’ se ’n rjucht,

Eang fan útwrydskens, gol en ienfâldich,

Altyd deselde, hwêr me se sjucht.

                                                                                                 H. Sytstra.

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2012/07/liet-anneke-douma-moai-sunder-wergea/