Een nieuw begin (gedicht gewrocht door Eddy Drost)
It sintsje laket
om in nij begjin
ik sjoch nei de himel
en krij in gek sin
ik doch myn moaiste rokje oan
en in bikini foar it strân
De wyn dy boartet
mei myn lange hier
de sinnestrielen
meitsje my sa blier
as ik oer it strân rin
fiel ik alle eagen
De jonges dy fluitsje
allegear nei my
ik sweef oer de ierde
as in fûgel sa frij
as ik nei de frijers swaai
en mei myn kontsje draai
De sinne dy dûnset
allinne mei my
ik flean troch de wolken
hielendal nei dy
as ik myn eagen iepen doch
is it de leafde dy’t ik sjoch
As de jûn falt
sjonge wy by it fjoer
gitaren dy spylje
meitsje my oerstjoer
yn it waarme sân
krûpsto hiel ticht tsjin my oan
Djip yn ‘e nacht
geane wy nei hús
en op dyn fytske
bringsto my thús
asto my aaist oer myn snût
jou ik dy de earste tút
Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2012/04/een-nieuw-begin-gedicht-van-eddy-drost/