web analytics

Het verstand komt met de jaren – It ferstân komt mei de jierren.

 

– Ienris it jier moeten fjouwer âlde skoalmaten, Hotse, Gjalt, Eise en Reinder, elkoar om mei- inoar in noflike jûn te belibjen.

Eens per jaar ontmoeten vier oude schoolvrienden, Hotse, Gjalt, Eise en Reinder, elkaar om samen een gezellige avond te beleven.

– Doe’t se fjirtich jier waarden, oerleinen se wêr’t se ris in jûntsje hinne soene.

Toen ze veertig jaar werden, overlegden ze waar ze eens een avondje naar toe zouden gaan.

– Se koene it earst mar net iens wurde, mar ynienen seit Hotse: ‘Lit ús nei De Gouden Liuw gean. De kelnerinne dêr is in frommes as in lôge en rint altyd rûn mei in djip útsniene blûze’.

Ze konden het eerst niet eens worden, maar opeens zegt Hotse: ‘Laten we naar De Gouden Leeuw gaan. De kelnerin daar is een geweldige stoot en loopt altijd rond met een diep uitgesneden bloes’.

– Tsien jier letter, doet se fyftich waarden, sieten se wer te oerlizzen wêr’t se hinne gean soene.

Tien jaar later, toen ze vijftig werden, zaten ze weer te overleggen waar ze heen zouden gaan.

– Nei hiel wat diskusje seit Gjalt: ‘Lit ús nei De Gouden Liuw gean, want dêr kinne je lekker ite en de wynkaart is ek tige goed’.

Na heel wat discussies zegt Gjalt: ‘Laten we naar De Gouden Leeuw gaan, want daar kun je lekker eten en de wijnkaart is ook erg goed’.

– Wer tsien jier letter, doe’t se sechstich waarden, sieten se te oerlizzen wêr’t se hinne gean soene.

Weer tien jaren later, toen ze zestig werden, zaten ze te overleggen waar ze heen zouden gaan.

– Opnij koene se it net iens wurde, oant Eise sei: ‘Lit ús nei De Gouden Liuw gean, dêr is it lekker rêstich en der mei ek net smookt wurde’.

Opnieuw konden ze het niet eens worden, totdat Eise zei: ‘Laten we naar De Gouden Leeuw gaan, daar is het lekker rustig en er mag ook niet gerookt worden’.

– Tsien jier letter, doe’t se santich waarden, sieten se opnij te oerlizzen wêr’t se hinne gean soene.

Tien jaar later, toen ze zeventig werden, zaten ze opnieuw te overleggen waar ze heen zouden gaan.

– Nei in hiel petear seit Reinder: ‘Lit ús nei De Gouden Liuw gean, dêr kinst mei de rollater maklik yn komme en se hawwe dêr ek noch in lift’.

Na heel wat gepraat zegt Reinder: ‘Laten we naar De Gouden Leeuw gaan, daar kun je met de rollator makkelijk naar binnen en ze hebben er ook nog een lift’.

– Okkerdeis, doe’t se yntusken tachtich wurden wiene, moeten se elkoar opnij en oerleinen se wêr’t se dizze kear hinne gean soene.

Laatst, toen ze onderhand tachtig waren geworden, troffen ze elkaar opnieuw en overlegden ze waar ze deze keer heen zouden gaan.

– Wer koene se it net iens wurde, oant Hotse sei: ‘Lit ús nei De Gouden Liuw gean’.

Weer konden ze het niet eens worden, totdat Hotse zei: ‘Laten we naar de Gouden Leeuw gaan’.

– Sizze de oaren: ‘Goed idee, dêr binne we noch nea west’!
Zeggen de anderen: ‘Goed idee, daar zijn we nog nooit geweest’.

_________________________________________________________________________

Met dank aan Jan van der Meulen. Omzetting: Wopkje fan Fansels.

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2011/06/het-verstand-komt-met-de-jaren-it-ferstan-komt-mei-de-jierren/