web analytics

Harsenkrimp by djipleauwigen

sneon 4 juny 2011

DURHAM – Tige leauwige minsken hawwe mear skea oan it brein as minsken dy’t in minder sterke of gjin religieuze oertsjûging hawwe. By de sterke leauwers is de saneamde hippokampus faak foar in part ferskronfele. De hippokampus is in diel fan it brein dat der ûnder oaren foar soarget dat wy emoasjes hawwe en dat wy mei spannings omgean kinne.

De ûntdekking is dien troch ûndersykster Amy Owen en har meiwurkers fan de Amerikaanske Duke-universiteit. In artikel fan har hân is ûnder de titel Religious factors and hippocampal atrophy in late life ferskynd yn it tydskrift PLoS One. Frou Owen hat fan 268 frijwilligers in harsenscan makke. Alle frijwilligers wiene 58 jier of âlder. Alle frijwilligers moasten in fragelist ynfolje, dêr’t ûnder oaren fragen oer harren godstsjinst op stiene.

It die bliken dat by minsken dy’t bekeard wiene of in skokkende religieuze ûnderfining hân hiene, de hippokampus dúdlik mear fan atrofy (krimp) te lijen hie as by de minder frommen. De ûndersikers tinke dat yn strang religieuze groepen in protte spannings foarkomme. Dy soene liede ta skea oan de hippokampus.

—————————————————————————————————————————————- 

Aldere harsens flugger fol

moandei 25 april 2011

MONTREAL – As minsken âlder wurde, leare se minder maklik. Kanadeeske ûndersikers binne derefter kommen hoe’t dat komt. Folwoeksenen krije hieltyd mear muoite mei it leegjen fan it leardiel fan ‘e harsens.

Mervin Blair fan de Concordia-universiteit en syn kollega’s lieten minsken fan ferskillende leeftiden in rige plaatsjes sjen. By elk plaatsje krigen se in opdracht dy’t se ûnthâlde moasten. Dêrnei krigen se de plaatsjes yn samar in folchoarder te sjen en moasten se de opdracht útfiere. De jonge dielnimmers diene dat folle better as de âldere. De âldste dielnimmers fierden hiel faak in opdracht út dy’t hearde by in plaatsje dat se krekt sjoen hiene.

It die bliken dat dat type flater faker foarkaam by minsken as se mear muoite hiene mei ferskate ûnthâldoefenings. Dat wie in oanwizing foar de ûndersikers dat learproblemen wolris gearhingje kinne mei âlde oantinkens dy’t mar net fuort wolle út it ûnthâld.

It brein himmelje

Foar it learen fan wat nijs is in diel fan it brein nedich dat de hippokampus neamd wurdt. It nimt nije ynformaasje op, mar kin folreitsje. Dan moat âlde ynformaasje opromme wurde. Dat kin troch dy te skrassen op troch wichtige oantinkens nei oare parten fan it brein ta te ferpleatsen. Sok ‘himmeljen’ fan de hippokampus is nedich om romte te meitsjen foar it saneamde koartetermynûnthâld. As dy romte der is, kin men wer wat nijs leare. De harsens fan jonge minsken himmelje de hippokampus geregeldwei. Wurdt it brein âlder, dan bart dat net mear sa geregeld en is der minder romte om nije ynformaasje op te nimmen.

Blair wiist derop dat minsken it brein wol trene kinne om de hippokampus te himmeljen. Dat kin troch bygelyks in nije taal te learen, troch te learen om in muzykynstrumint te bespyljen of troch geregeldwei ûntspanningsoefenings te dwaan.

In ferslach fan it ûndersyk fan Mervin Blair en syn kollega’s is ferskynd yn it tydskrift he Quarterly Journal of Experimental Psychology.

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2011/06/harsenkrimp-by-djipleauwigen/