Farsk gers
op ‘e rêch, yn it farske gers
stoarjend nei loft en sinne
tink ik nei oer myn libben
foaral oer foarhinne
wylst ik hjir langút lis
myn longen fol sûch
mei suvere maitiidslucht
wurdt ik tige slûch
ljurken hongen boppe my
doe’t ik de eagen wer iepen die
en wie der gâns tiid ferrûn
sûnt ik se ticht dien hie
dêryn hie ik in dream
dat ik yn farsk gers lei
doe yn sliep fallen bin
en dreamde sa de tiid wei
de wyn aait myn lichem
sa as de tiid myn foarhinne
ik stean op út it gers
en wol myn dream útrinne
dan stean ik neist myn bêd
de geur fan farsk gers yn ‘e noas
en dat is tige heilsum
want ik ha sliept as in roas
Sjoerd. F. Talsma.