web analytics

FRYSKE SPREKWURDEN en SEI-SISWIZEN, diel 30

KLIK HIER

 

360. Op ‘e merk is jo euro in gûne wurdich.
Op de markt is uw euro een gulden waard.

359. Riden is toarstich wurk, sei ’t âldwiif, en se stie mei ien foet op ’t iis.

Schaatsen is dorstig werk, zei het oude vrouwtje, en ze stond met één voet op het ijs.

358. Us heit is sa fluch as in skytbij, sei de jonge, as in oar falt leit hy al langút. Mijn vader is zo vlug als een mestvlieg, zei de jongen, als een ander nog valt ligt hij al lang.

357. ’t Is in mâl ynkyk, sei de âldman, en syn wiif hie gjin tosk mear yn ‘e mûle.

De inkijk is niet zo mooi, zei de oude man, en zijn vrouw had geen tand meer in haar mond.

 

356. Mei jittik fangt men gjin miggen.
Met azijn vangt men geen vliegen.

355. Moaie fearren meitsje moaie fûgels.

Mooie veren maken mooie vogels.

354. Men moat bylje mei de hûnen, dêr ’t men mei yn de bosk is.

Je moet blaffen met de honden waarmee je in het bos bent.

353. Nimmen sjocht syn eigen bult, in oar kriget altyd de skuld.

Niemand ziet zijn eigen bult, een ander krijgt altijd de schuld.


352. “Us pake is oars as oars”, sei de jonge: “Syn fuotten rûke en syn noas rint”.

”Mijn opa is anders dan anderen”, zei de jongen: “Zijn voeten ruiken en zijn neus loopt.”

 

351. Wa’t mei jild smyt, goait grif syn eigen glêzen yn.
Wie smijt met geld, gooit vast en zeker zijn eigen glazen in.

 

350. Wa’t nea fan hûs is, mist de freugde fan it thúskommen.
Wie nooit van huis is, mist de vreugde van het thuiskomen.

 

349. ’t Is kening, skoaier, jong of âld… de dea is master fan de wrâld.
Koning, schooier, jong of oud… de dood is heer en meester van de wereld.

 

Tip: de Friese spreekwoorden & gezegden t/m dozijn 30 zijn alle voorzien van een inspreekbestand en onderdeel van mijn L-L-L-methode (taalhulp  Lezen – Luisteren – Leren).

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/10/fryske-sprekwurden-en-sei-siswizen-diel-30/