web analytics

ODE AAN BEETSTERZWAAG

Portret fan Beetstersweach ©

Dit is in doarp mei styl en mei statoer.
Hoe hearlik is ’t yn Beetstersweach te toevjen
op dizze mylde maitydsdei fol sinne!
mids mank de bosken fan it Fryske Gea
ûnder ’t smûk skaadzjend beamtegrien te wêzen,
tichtby it Wite Hûs fan Olterterp,
ûnder de hoede fan Sint Hippolytus.
Hjir is de pearel yn de kroan fan Fryslân.
Hjir stiet it pronkjewiel ek fan Lauswolt.  

Wat sljochtwei minsk hat lef hjiryn te trêdzjen,

wannear in kabinet hjir timm’re wurdt?
Hjir is de state fan de Harinxma’s,
Van Teijens syn Fundatie hat syn plak hjir,
en de Cornelia Stichting, goede taflecht
en ’t eale Lyndensteyn, in lust foar’t each
en gol ûntwyk foar swakken en beheinden,
dy’t men mei  leafde en talint fersoarget.
Hjir fynt de gast it fraai Lycklamahûs.
Lit my mei Van der Schaaf yn Abbingawâld
in wûndre simmer ha as Jurrit Jongema!  

Dit doarp fan hegerein en rike adel

is sa fol fan deugdsume en  fromme minsken,
dat in kantongerjocht gjin reden fan bestean hat.
Dêrom is yn’t kontrei fan jagers en streuperts
’t kantongerjocht mei rjocht en reden sletten.
 Is ’t leauwe hjir allike hurd ferdwûn
as de baron syn tsjerke fan Âld Beets?
En is dit net it gea fan Domela?
neamd  ‘ Ús Messias’ troch de feanarbeiders?
Dochs wurdt it blide boadskip hjir ferkundge.
‘t Diakonessehûs jout wyn en spizen.
De tsjerke stiet net fier fan Bethlehem.  

Is der dan gjin fertriet yn’t fleurich doarp?

Wis al, de skyline fan it mânsk Manhattan
op’t Westen docht jin pynlik sear oan d’eagen.
De âlde Freule is frijwat hol yn ’t liif
en Roel syn herberch tige trendy oanklaaid.
Mar Huize Bordena jout boekenwiisheid.
Grif is der noch wol stof foar in detective
mei gekke Oene as de haadpersoan,
en trije tsjûgen fan de wiere wierheid.
Of dokter Tonckens as de kweade geast,
dy’t in prinshearlik libben hie op ’t stee?
Mar wit, de geast fan Beetstersweach is goed.  

En is de tún mei tropysk waarme kassen

gjin sierlik skaalmodel fan ’t Hôf fan Eden?
Ha Jo fan de ferbeane frucht ek iten?
Ik net, ik doarst it net: ‘k hie pin’yn’t liif.
Dochs kom’k fan ’t hjerst noch graach te hofkesjongen:
yn ’t foar myn tank oan Lycklama à Nijeholt.
As ik al dronken wurd fan swiete druven,
sykj’ ik myn taflecht yn d’orangerie.
Mar soms binn’sels oranje-appels bitter.
Freegje ’t mar oan de Roy van Zuydewijn.
Kom Sudewyn, waai troch myn fruchtenhôf.
De protter sjongt yn de kastanjebeam.
Yn reade gloarje rûst de boekebeam.
En yn myn âlde herte koert in hofdo.
Stil, hark! der rûst in beek troch bosk en greide.

© Klaas Bruinsma, dichter, oersetter, earder learaar Ingelsk en skiedenis.
(Beets= beek,  sweach=greide= weiland)

    Alle artikelen uit ONLINERS. ARCHIEF

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/05/ode-aan-beetsterzwaag/