mrt 25
Fryske-sprekwurden, dozyn 19. Zeg NOG ’s A.
KLIK HIER
228. Al is Fryslân plat, it hat syn hichtepunten.
227. Alle lytse bern binne leaf, mar wêr komme dy grutte rotsekken wei?
226. As de wurden net út dyn hert komme, kinne se myn hert net reitsje.
225. Al wat men jout oan fee en lân, krijt men werom mei mylde hân.
224. Alde hûzen stean de stoarm troch en falle by stil waar om.
223. As april blaast op syn hoarn, is it goed foar gers en koarn.
222. As de kat fan hûs is, stekt de mûs de sturt omheech.
221. As it tij ferrint, moat men de beakens fersette.
220. As der in prater is, moat der ek in harker wêze.
219. As heit syn holle op it kessen leit, sliept syn kont al.
218. As ’t net sile wol, moat men lavearje.
217. Asto neat mear seist, seit it my genôch.
Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/03/fryske-sprekwurden-dozyn-19-zeg-nog-s-a/