web analytics

Paradijselijk voedsel


Allebeide wiene se fiifentachtich jier en al sechtich jier meiinoar trout.
Ze waren beide  vijfentachtig jaar oud en al zestig jaar getrouwd.

Al wiene se net sa jong mear, goed sûn wiene se wol.

Ook al waren ze niet zo jong meer, ze hadden wél een goede gezondheid.

Dat kaam omt de frou perfoast sûn ite woe en flink bewege woe.

Dat kwam omdat de vrouw erop stond om gezond te eten en om aan beweging te doen.

Op in dei, doe’t se op reis wiene en it fleantúg delstoartte, doe holp dy goede sûnens harren net.
Op een dag, toen ze op reis gingen en het vliegtuig neerstortte, hielp die goede gezondheid hun niet.

Se kamen by de himel…..

Ze kwamen bij de hemel…

St. Piter naam harren mei nei in skitterjend lânhûs, mei in prachtige keuken en in tún mei in echte wetterfal yn it swimbad.

St. Pieter nam hen mee naar een schitterend landhuis, met een prachtige keuken en een tuin met een echte waterval in het zwembad.

Fol ferbjustering holden se de siken yn.

Vol verbazing snakten de twee naar adem.

St. Piter sei: ‘Wolkom yn de himel. Dit is no jimme nije thús.’

St. Pieter zei: ‘Welkom in de hemel. Dit is nu jullie nieuwe thuis.’

De âld man frege oan St. Piter hoefolle at dit allegearre wol net kostje moast.

De oude man vroeg aan St. Pieter hoeveel dit alles ging kosten.

‘No, neat hear’, sei St. Piter, ‘Dit is de beleanning, jim binne no yn ‘e himel.’

Nou, niets hoor’, zei St. Pieter. ‘Dit is jullie beloning, jullie zijn nu in de hemel.’

De âld man seach troch it rút nei bûten ta en seach in golfterrein, sa moai, sa ’n moaienien wie der op ierde noch noait boud.

De oude man keek uit het raam en hij zag een golfterrein, mooier dan er ooit één op aarde gebouwd was.

‘Wat moat dat grien kostje?’ frege de âld man. ‘Dit is de himel’, antwurdde St. Piter. ‘Hjir kinst ommenocht spylje. Elke dei, alle oeren fan de dei.’


‘Wat moet dat groen kosten?’ vroeg de oude man. ‘Dit is de hemel’, antwoordde St. Pieter. ‘Je kunt gratis spelen. Elke dag, op elk tijdstip van de dag.’

Dêrnei geane se nei it klubhûs en fine in mânsk buffet.
Vervolgens gingen ze naar het clubhuis en vonden een omvangrijk buffet.

‘Freegje mar neat’ , sei St. Piter tsjin de man. ‘Dit is de himel en alles is ommenocht foar jimme, genietsje der mar fan.’

‘Vraag maar niets’, zei St. Pieter tegen de man. ‘Dit is de hemel en alles is gratis voor jullie, geniet er maar van.

De âld man seach om him hinne en mei in flechtige blik nei syn frou, freged er: ‘Moai, mar wêr is it fetearme en leech cholesterolhâldende iten, de kafeine-frije kofje en de sûne tee?’

De oude man keek rond en met een vluchtige blik naar zijn vrouw, vroeg hij.: ‘Wel,  waar is de vetarme en lage cholesterol voeding, de cafeïne-vrije koffie en de gezonde thee?’   

 

Dat is it bêste deroan’, antwurdde St. Piter.
‘Dat is het beste eraan’, antwoordde St. Pieter.

‘Do kinst ite en drinke safolle ast wolst of wat ast mar wolst en do silst ek noait grou of siik wurde. Dit is de himel!’

‘Je kunt eten en drinken zoveel je wilt of wat je maar wilt, en je zult nooit dik of ziek worden. Dit is de hemel!’  

De âld man frege: ‘Gjin fitness studio?’
De oude man vroeg: ‘Geen fitness studio?’

‘Net ast it sels net wolst’, wie it antwurd.

‘Niet tenzij je het zelf wilt, was het antwoord.

‘Gjin kontrole fan bloeddruk en hannenfol fitaminesuppleminten ite….?’ ‘Noait wer. Alles wat ast hjir dochst is genietsjen.’

‘Geen controle van bloeddruk en handenvol vitamine-supplementen slikken…?’ ‘Nooit meer. Alles wat je hier doet is genieten.’

De âld man seach nei syn frou en sei: ‘Do altiten mei dyn sûn iten…. Wy hiene hjir al wol tweintich jier earder wêze kinnen!….
De oude man keek naar zijn vrouw en zei: ‘Jij altijd met je gezond eten… We hadden hier alwel twintig jaar eerder kunnen zijn !….’

(fert. HW) met dank aan
SKOONGRAPPIES                               Alle grapkes (taalhulp)

 

 

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2008/02/paradijselijk-voedsel/