jan 19
~ Grapke: NAAKTZWEMSTERS
Boer Grypstra beslút om yn in marke op syn lân te swimmen te gean.
Hy nimt in amer mei, want dan kin er op ‘e weromreis wat fruit plukke.
As er by it marke komt, heart er hege stimmen en gegichel.
As er nòch tichterby komt sjocht er dat in hânfol jonge froulju neaken oan it swimmen is.
De froulju krije him in ‘e gaten en roppe lilk: “Wy komme der net earder út as at jo fuort binne.”
“Neat oan ‘e hân hear,” seit er, “Ik bin gjin gluerder, ik gean daliks wer fuort.”
Hy hâldt de amer omheech en seit der achteroan: “Ik kom allinnich eefkes om de krokkedil iten te jaan…..”
Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2008/01/grapke-naaktzwemsters/