web analytics

ODE OAN DE SIPEL

OADE OAN DE SIPEL   by the Frisian translator Klaas Bruinsma (1931):

Sipel

Ljochtsjend fleske, blomblêd foar blomblêd foarme har dyn skientme; kristallen skobben lieten dy swelle en yn ‘t ferhoalen fan de donk’re ierde rûne dyn liif him mei dau.

Under de ierde woeks dit wûnder, en doe ‘t dyn plompe griene sprút ferskynde, en dyn blêden as swurden op ‘e tún te wrâld kamen, heappe de ierde al har macht op en toande dyn neakende glierens; en sa ‘t by Afrodite de fiere see de dûb’le magnolia skoep, doe ‘t er har boarsten foarme, sa hat de ierde dy makke, sipel, helder as in planeet en ornearre te strieljen, bestindich stjerrebyld, rûne roas fan wetter op de tafel fan de earme minsken.

Rojaal ferbruisto dyn bol fol frissens yn ‘e fertarrende gleonens fan de fleispanne, en de snipel fan kristal yn ‘e barnende hitens fan de oalje feroaret yn in krollige gouden plûm. Ek bring ik yn ‘t sin, hoe ‘t dyn ynfloed de leafde fan ‘t slaad befruchtet, en ‘t liket dat de himel meihelpt, doe ‘t er dy ‘t sierlik stal fan in heilstien joech om dyn healrûnens fan in tomaat. Mar ûnder it berik fan de hannen fan it folk, en besnjitten mei oalje, bestruid mei in bytsje sâlt, ferslachstû de honger fan ‘e deihierarbeider op syn swiere wei.

Stjer fan ‘e earmelju, goede fee, bewuolle yn tin papier komsto út ‘e grûn, ivich, geef en suver, as sied fan in stjer, en as yn de koken it mes dy fynsnijt, dan wâlet de iennichste trien sûnder pine. Do litst ús skrieme sûnder leed te dwaan. Ik ha salang’t ik libje, dy priizge, sipel; foar my bisto moaier as in fûgel mei ferblynjende fearren; foar myn eagen bisto himelbol, platina tsjelk, roerleaze dûns fan ‘e besnijde anemoan en de rook fan de ierde libbet yn dyn kristallen natoer.

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2021/06/ode-oan-de-sipel/