web analytics

FRYSK: de taal van Friesland

wimpel

Net maklik is ús taal.
Wêr rûgelt sa rojaal sa’n romme
rije rynske rykdom troch in minskestrôt
oan lûden like ûntelber
as de kerlen fan it nôt.

Wêr koarret men sa’n knoarre klanken
trinten oer de tongen,
mei in mjitske mjuks
fan emoasje yn de mûle mongen,
komt soks derút as in ljurkeliet
fol leaflike lyryk of,
as ‘t register rau en rûch is
en de bekken bryk,
as ’t kôgjen op in klute klaai.
Men kin der alles mei.

Bekbrekkend is ús spraak.
Wêr ropt men sa omraak
fan lêbich frommes, grutte omkoal,
sokses, slûge, slob,
wêr rispje sa groulivich
en grouwélich gjalpen op út azempiip
en pânse kop en kont en bek en bealch.

Wêr tizet en tramtearret
men syn tonge al den wearlich.

Wêr wierret, tjirget, twirret it,
saksearret it en siicht.
Wêr ongelt, bongelt, barget it
en reint it dat it miicht?

Net maklik is ús taal, mar
’t klinkt as in koraal !

wimpel
Uit de BEDENKTENK van HENK

Tekst Rients Gratama

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2017/09/28924/