web analytics

Sis it mei in liet.

Do
Do bist sa prachtich
Do 
't Is wis en wrachtich
It libben is  folle moaier 
Omdatsto der bist

Do
Do bist in plaatsje
Do 
Myn ynspiraasje
It is net mooglik dat der eat 
yn 'e wrâld
Mear weard is as dy
Mear weard is as dy

'k Bin sa bliid datsto do bist
Elk yn de wrâld dy moat witte
Hoe geweldich mâl dat ik mei dy bin
'k Bin sa bliid datsto do bist
Nimmen dy't lykas dy is
Nimmen ea as dy noch prachtiger
As datsto foar my bist

Do
Do bist myn raazje
Do 
Bist myn sensaasje
Alle dagen binne 
fleuriger, ljochter
Omdatsto der no bist
Omdatsto der no bist

Do makkest it libben prachtich
Wier, god allemachtich
Bist moaier as de blommen,
beammen, fûgels by inoar
of wat der fierder ek libbet
Bist alle jiertiden, tegearre
sels noch hiel wat better
Better as de moanne, sinne,
stjerren of wat ek mar skynt

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2016/07/siz-it-mei-in-lietsje/