web analytics

Even bellen ( grapke)

– In boer sit yn in doarpskafee noflik oan ‘e bar in buorreltsje te drinken.
Een boer zit in een dorpscafé genoeglijk aan de bar een borreltje te drinken.

– Neist him stiet in sakeman, dy’t oanienwei ûngeduerich mei twa 2-euromuntstukken op de bar tikket.
Naast hem staat een zakenman, die constant ongedurig met twee 2-euromuntstukken op de bar tikt.

–Dat tikjen argewearret de boer op ‘en doer sa, dat er freget: “Mynhear, wat dogge jo eins”!?
Dat getik irriteert de boer op den duur zó, dat hij vraagt: “Mijnheer, wat doet u eigenlijk”!?

– “Bêste man”, seit de sakeman, “do kinst hjoed-de-dei twa dingen dwaan mei dizze twa nije 2-euromunten: do kinst dermei op  ‘e tafel tikje én kinst der mei belje”.
“Beste man”, zegt de zakenman, “je kunt vandaag-de-dag twee dingen met deze twee nieuwe 2-euromunten doen: je kunt ermee op tafel tikken én je kunt ermee bellen”.

– “Dat is tige nijsgjirrich”, antwurdet de boer, neitinkend oer dy nije ynformaasje.
“Dat is heel interessant”,  antwoordt de boer, nadenkend over die nieuwe informatie.

– Letter, doe’t de sakeman efkes nei de wc wie en de boer tocht dat er him dochs net sjen koe, pakte er de munten fan de bar.
Later, toen de zakenman even naar de wc was en de boer dacht dat hij hem toch niet kon zien, pakte hij de munten van de bar.

– Hy drukte it iene jildstik tsjin syn ear, hold it oare foar syn mûle en sei: “Hallo, hallo, hallo”!
Hij drukte het ene geldstuk tegen zijn oor, hield het andere voor zijn mond en zei: “Hallo, hallo, hallo”!

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2013/08/even-bellen-grapke/