web analytics

In part fan dy (Marcel Smit & Gerbrich van Dekken)

 

Marcel Smit & Gerbrich van Dekken – In part fan dy – YouTube

 

As de brêge slein is yn ’t lêste paad, dat stadich troch ’t libben rint.

As de dei fan hjoed de moarn net hellet, bist ûnderweis nei wêr’t it begjint.

 

As fiergesichten wazich wurde, as tichterby net goed mear fielt.

Ast troch de tiid bist hjir op ierde, hast dyn leafde oer ús ferdield.

 

 

In diel fan my mei stjerre, in part fan dy hâld ik fêst.

Fan alles wat wy hienen tegearre, hat hâlde-fan it moaiste west.

 

 

Do rinst net mear troch myn dagen, in krûp of tút dat kin net mear.

No dûnsest faak om yn myn tinzen, as ’k oan dy tink stiest foar my klear.

 

 

Troch wa asto wiest yn dyn libben, silsto net hielendal gean.

Elts wa’t dy leaf hie krijt in stikje,  yn al dy minsken bliuwst bestean.

 

 

 

In diel fan my mei stjerre,  in part fan dy hâld ik fêst.   

Fan alles wat wy hienen tegearre,  hat hâlde-fan it moaiste west.

 

 

In diel fan my sil mei dy stjerre, in part fan dy hâld ik fêst.  

Fan alles wat wy hienen tegearre,  hat hâlde-fan it moaiste west.

                                                         hat hâlde-fan it moaiste west. 

 

 

Naar de voorpagina van FANvanFRIESLAND

Poëtische woorden van HOOP & TROOST  > http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2012/02/woorden-van-troost-en-hoop-haiku-senryu-haiga/

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2013/03/in-part-fan-dy-marcel-smit-gerbrich-van-dekken/