web analytics

sep 25

Dada, do âlde tiid.

In nije tiid, de Muze riist oerein.

Museum Drachten is in skathús foar

Noardnederlânske keunst en fan de skiednis

fan krite en kontrei Smeliesterlân.

’t Museum hat syn hiem en huzing fùn

yn ’t earder kleaster fan de Fransiskanen,

boud yn it krisisjier fan seis en tritich.

It is ferneamd om syn kolleksje keunst

fan de romrofte avantgarde De Styl

en Dada fan de bruorren Rinsema.

De weitsrop fan herauten klinkt hjir klear:

trompet dy ’t kundiget in nije dage,

in radikale revolúsje yn

de geast ta ’t skeppen fan in frisse keunst.

Dy set de âlde skoech op nije least.

Dada, do âlde tiid ! Wolkom, do nije !

 

Auteur Klaas Bruinsma.

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2012/09/dada-do-alde-tiid/