web analytics

SPREKWURDEN OER JILD (spreekwoorden over geld).

Jild te winnen jout mear nocht as jild te ervjen.

It jild, dat rûn is, makket faak siik dat sûn is.

Jild dat is de duvel syn dommekracht.

Jild is de siel fan ’e oarloch.

Dy’t jild hat kin jild winne.

 

Jild te winnen is in geunst, mar ’t goed te brûken is in keunst.

It jild moat rôlje, oars begjint it te skimmeljen.

Is der gjin jild dan spilet de duvel op ’t touke.

Wat is jild? De hûnen wolle ’t net ienris frette.

Jild is de keapman syn ark.

 

As de dokter helle wurdt, is ’t in ingel, mar as er om jild komt, is ’t in duvel.

Hawwe de âlden jild, dan wurde de bern loai en de bernsbern earm.

Dêr’t jild is, dêr is de duvel en dêr’t it net is dêr is er twaris.

Mannichien hat tefolle jild, mar nimmen hat genôch.

It jild is de as dêr’t alles om draait.

 

Elk wol graach yn ’e himel en elk siket meast nei jild.

Jins eigen fleis en bloed is mear as jild en goed.

Ald jild, âld spek, âld hea, stiet jin wol te stea.

Maaie komt mei blommen, mar net mei jild.

Jong sûnder skuld, âld sûnder jild.

 

De minsken meitsje falsk jild, it jild makket falske minsken.

De iene kin mear mei de pong as in oare mei ’t jild.

Altyd mei ’t ryk op ’e dyk, dan rekket it jild te siik.

En dan nog even dit > https://decorrespondent.nl/2978/Wie-begrijpt-hoe-ons-geld-werkt-komt-morgen-in-opstand/226810757624-f952d890

 

 

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2011/12/sprekwurden-oer-jild-spreekwoorden-over-geld/