web analytics

Gedicht van Waling Dykstra: Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!

Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!
’t Opgeande sintsje laket my oan.
’t Hoantsje kraait kûkelû, ’t douke ropt rûkûkû,
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.

Alles wat libbet docht der nou sines bij,
Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij.
Guoskes dy’t snetterje, skiepkes dy’t bletterje,
Lamkes dy’t springe, nuvere blij.

’t Ljurkje yn’e wolken, d’eintsjes yn’t lizich wiet,
Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet.
Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje,
Skries op’e hikke ropt grito-griet.

’k Woe foar gjin gûne dat’k jit te sliepen lei,
’t Is my sa noflik ier op’e dei.
Protters dy’t tsjotterje, eksters dy’t skatterje:
Alles is fleurich, ik bin it mei!

Vertaling:
Wat ben jij liefelijk, rijzende zomermorgen!
’t Opkomend zonnetje lacht mij toe.
’t Haantje kraait kukelu, ’t duifje roept rukuku,
Ik wil ook zingen vrolijk van toon.

Alles wat leeft draagt het zijne er toe bij,
Veulentjes en kalfjes, paarden en koeien.
Gansjes die snateren, schaapjes die aanhoudend blaten,
Lammetjes die springen, buitengewoon blij.

’t Leeuwerikje in de wolken, d’eendjes in ’t lissennat,
Musjes en zwaluwtjes, elk zingt zijn lied.
Ooievaren klepperen, kievitjes vliegen kantelend door de lucht,
Grutto op het hek roept grito-griet.

‘k Zou voor geen goud willen dat ik nog lag te slapen,
’t Is mij zo aangenaam vroeg op de morgen.
Spreeuwen die kwinkeleren, eksters die schateren:
Alles is vrolijk, ik ben het ook!

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2011/06/gedicht-van-waling-dykstra-wat-bistu-leaflik-rizende-simmermoarn/