web analytics

MEI (2): Gorter

Ik wol dat sà dit liet klinkt; en ik woe

ek dat ien faam myn stim oerstrielje soe

mei mear as ’t glânzjen fan har mylde each.

O lok. Ik fiel har hân  en sêfte weach fan har earm.

Zóó wil ik dat dit lied klinkt, er is één
die ik wèl wenschte dat mijn stem bescheen
met meer dan lachen van haar zachte oog…
Heil, heil, ik voel hier handen en den weeken boog van haren arm.

 

In krâns fan blyn ljocht rize,

en baait myn antlit yn in mylde dize.

Myn lûd baarnt yn my as de giele flamme

fan gas yn glêzen stolp. In ikestamme ûntbloeit yn twigen.

Een koepel van blind licht,
mild nevelend, omgeeft mijn aangezicht.
Mijn stem brandt in mij als de geele vlam
van gas in glazen kooi. Een eikenstam breekt uit in twijgen.

 

En jong leaf oan de rank sprút út.

Stil. Hark. Dêr klinkt in nije klank:

in jong soldaat stiet ree; yn blau en goud

trompettet oan de poart’ in lûd heraut.

En jong loover spruit naar buiten.

Hoort, er gaat een nieuw geluid:
een jonge veldheer staat, in ’t blauw en goud
roept aan de holle poort een luid heraut.

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2011/03/mei-2-gorter/