web analytics

Gedicht voor de Zondag ( 11 )


Jûnbea ( avondgebed )

Lit my noait Jo grûn ferlitte.

Stean my troch Jo lijte by.

Jou dat al myn ierdske bliidskip en eangst,

gjin belang mear ha foar my.

 

Ûnderweis ken ’k eltse sydwei

mar ‘k bin wurch fan it gerin.

‘k Kaam troch Jo wer op it rjochte paad.

Jo jouw’ oan myn libben sin.

 

Dagen binne as gedachten,

as de keamers dy’t ik hier.

Eltse ierdske dream fan rykdom en rom,

binn’ no skaden oer de flier.

 

 Wat ik sykje is genede,

elts momint fan eltse dei.

‘k Longerje sa nei Jo wetter fan rêst

wize Jo Hear my de wei.

 

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2010/08/gedicht-op-zondag-11/