web analytics

dec 28

Geen vis vandaag (grapke)

Twa ljochthierrigen fisken oan ‘e kant fan de riviermûning sûnder wat te fangen. Twee blondines hengelden aan de riviermonding zonder iets te vangen.

– In âldere man kaam mei in grutte sek fol fisk de stream ôf rinnen. Een oudere man kwam met een grote zak vol vis de stroom af gelopen.

-Hy sei tsjin de froulju: “As jim wat fange wolle, rin dan de stream op oant it wetter net mear sâlt is en probearje it dêr”. Hij zei tegen de dames: “Als jullie wat willen vangen, loop dan
stroomopwaarts tot het water niet meer zo zout is en probeer het daar”.

– De twa pakten harren brot en rûnen in moai ein de stream op. De twee pakten hun boeltje en liepen een flink eind stroomopwaarts.

– Seit de iene: “Skep dy beker fol wetter en priuw ris”. Zegt de ene: “Schep die beker vol water en proef eens”.

– De oare die de beker fol, preau en seit: “Bah, dit is noch tige sâlt”. De ander vulde de beker, proefde en zei: “Bah, dit is nog erg zout”.

-Doe rûnen de twa noch tweintich minuten by de stream op en preaunen wer. Toen liepen de twee nóg twintig minuten stroomopwaarts en proefden weer.

 – Noch hieltyd sâlt. Nei noch tweintich minuten rinnen sei de iene: “Priuw do no mar wer”. Nóg steeds zout. Na nog twintig minuten lopen zei de ene: ”Proef jij maar
weer”.

– De oare ljochthierrige nipte der fan en sei: “Nee, it is noch hieltyd sâlt en dy beker is ek noch lang net leech”. Het andere blondje nipte ervan en zei: “Nee, het is nog steeds zout en die beker is ook nog lang niet leeg”.


Alle GRAPKES uit 2008 en eerder (taalhulp)
Alle GRAPKES uit 2009 (taalhulp)

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/12/geen-vis-vandaag-grapke/