web analytics

Klaas Bruinsma over St. Maarten, twee opzegversjes van TOMKE

In lietsje foar Sint Marten: Klaas Bruinsma.

Sint Marten, ja, Sint Marten
dy hat ús leard te parten.
Dy hat jo leard te dielen
mei alle earme sielen
en f’reonlik om te sjen
nei bidlers en nei bern.
 
Wy freegje jo gjin klean
f’oar’t sjongen,mar as lean
in frucht of snobberij.
Dan geane wy foarby.
Wy tankje jo hjirfoar
en geane nei ’n oare doar,
mei nocht en mei plesier.
Oant sjen yn ‘t oare jier.
                                           
 
Wês hjoed in goede ridder
foar eltse earme bidler.
Ferjit ús, berntsjes, net.
Us tank, o eale ridder.
No geane wy wer fierder
mei ljocht en tankber hert.
 
 
Wy reitsje ‘t paad net bjuster.
Us lampe skynt yn ‘t tsjuster
op Sinte Martes-jûn.
Want wy ha leard te parten.
Dat foarbyld hat Sint Marten
ús mei syn jeften jûn.
 
 
 


 

Hjirby noch twa Sint Marten ferskes.
It binne net wizen dy’t bekend binne fanút it Nederlânsk…………

Yn it tsjuster mei de lampion
oan de doarren belje. Sjonge, lekkers helje
Yn it tsjuster mei de lampion.

(út Tomke Jierboek, Afûk)

Tomke docht syn jaske oan,
Tomke stekt in ljochtsje oan,
sjongt in hiele moaie toan
heech en leech en dan gewoan
As it Sinte Marten is, kin Tomke sjonge, tsjonge jonge.
As it Sinte Marten is, kin Tomke sjonge, jawis!


(út Tomke Winterboek, Afûk)

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/11/klaas-bruinsma-over-st-maarten-twee-opzegversjes-van-tomke/