web analytics

Golfgrapke: EEN GRIJZE GOLF-ER

 
 
Beginnersgeluk

Een gepensioneerde kreeg als afscheidsgeschenk van zijn collega’s een set golfclubs.
In pensjonearde krige as ôfskiedsgeskink fan syn kollega’s in set golfclubs.
 
 
Hij dacht toen, dat hij het spel toch maar eens moest proberen, ook al had hij het nooit eerder gespeeld.
 Hy toch doe, dat er it spul dochs mar ris besykje moast, ek al hie er it noch nea earder spile.
 
 
Hij nam toen lessen bij de plaatselijke golfvereniging en vertelde de instructeur dat hij nooit een golfstok in handen gehad had.
Hy naam doe lessen by de pleatslike golfferiening en fertelde de ynstrukteur dat er nea in golfstok yn hannen hân hie.
 
 
De instructeur leerde hem de eerste beginselen van de houding en de swing.
De ynstrukteur learde him de earste begjinsels fan de hâlding en de swing.
 
 
 
Hij zei: “OK….sla de bal nu maar naar dat vlaggetje op de eerste green”.
Hy sei: “OK…. slach de bal no mar nei dat flachje op de earste green”.
 
 
De gepensioneerde stond rechtop en sloeg de bal rechtuit de baan op.
De pensjonearde stie rjochtop en sloech de bal rjochtút de baan op.
 
 
Het balletje hield stil op een handbreedte van het gaatje.
It baltsje hold stil op in hânbreed fan it gatsje.
 
 
“Wat nu?”, vroeg het oudje aan de sprakeloze instructeur.
“Wat no?”, frege it âldsje oan de sprakeleaze ynstrukteur.
 
 
 
“Uh…..uiteindelijk moet de bal in die hole geslagen worden”, antwoordde de instructeur toen die weer op adem gekomen was.
“Eh….. úteinlik moat de bal yn dy hole slein wurde”, antwurde de ynstrukteur doe ’t dy wer op siken kaam wie.
 
 
“Potverdrie”, zei het oudje, “dat vertel je me nu pas”.
“Potferjappy”, sei it âldsje, “dat fertelst my no pas!”
 
 

Met dank aan Gerard Griesel, hertaling Henk Veenstra en Wopkje-Fansels.

ALLE GRAPKES 2009
Alle grapkes (taalhulp)2008

Alle artikelen uit ONLINERS. ARCHIEF

   

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/10/golfgrapke-een-grijze-golf-er/