web analytics

okt 09

FRYSKE SPREKWURDEN en SEI-SISWIZEN, diel 27

KLIK HIER VOOR DE UITSPRAAK
SEI-SISWIZEN: VAN DE WIEG TOT HET GRAF.

 

324. Dat faIt my ôf en ta, sei Oebele, doe krigen se trije jonges. Dat valt me mee en tegen, zei Oebele, en toen kregen ze drie jongens.

323. Der heart in grapke by, sei de boer, en kidele syn wiif mei in heafoarke. Er hoort een grapje bij, zei de boer, en hij kietelde z’n vrouw met een hooivork.

322. Faam te wêzen is dêr oan ta, sei Frouk, mar widdo te bliuwen is in keunst. Maagd te zijn is nog te doen, zei Frouk, maar weduwe blijven is een kunst.

321. It sil wol bedrage, sei de skroar, en hy hie de mouwe yn ’t bûsgat set. Het zal wel weer slijten, zei de kleermaker en hij had de mouw aan de broekzak gezet.

 

 

320. It is net moai, mar dochs wol aardich, sei de faam, doe joech mynhear har in tútsje. Het is niet mooi, maar toch wel aardig, zei het meisje toen mijnheer haar een kusje gaf.

319. It wisse foar it ûnwisse, sei de boer, en bûn in deade baarch de bek ticht. Het zekere voor het onzekere, zei de boer, en hij bond een dood varken de bek dicht.

318. It wurdt hjoed in gleone dei, sei de tsjoenster, doe soe se ferbaarnd wurde. Het wordt vandaag een hete dag, zei de toverheks, toen ze verbrand zou worden.

317. Alle guod dat men keapet, wurdt minder makke, sei it âld wyfke, doe’t se yn har nije spegel seach. Alles wat je koopt is tegenwoordig van mindere kwaliteit, zei het oude vrouwtje, toen ze in haar nieuwe spiegel keek.

 

 

316. Sa mei ‘k it hearre, sei dôve Japik, en doe smiet er de porsleinkast oan diggels. Zo mag ik het horen, zei dove Japik, en toen smeet hij de porseleinkast aan scherven.

315. Alde minsken earst, sei de duvel en hy smiet syn beppe fan ‘e treppen. Oude mensen eerst, zei de duivel, en hij smeet zijn grootje van de trap.

314. Nim de rapen mar mei, dominy, sei de boer, de bargen sette der dochs gjin bek mear op. Neem de rapen maar mee, dominee, zei de boer, de varkens lusten ze toch niet meer.

313. Dat ha wy wer hân, sei it wyfke, en se hie har man nei it tsjerkhôf brocht. Dat hebben we ook weer gehad, zei het vrouwtje, en ze had haar man naar het kerkhof gebracht.

 

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/10/fryske-sprekwurden-en-sei-siswizen-diel-27/