web analytics

jul 13

Sprekwurden dozyn 21 …… D 2.

LLL-methode: LEES-LUISTER-LEER de spreekwoorden.
KLIK HIER

252. De hannen slop makket in meager sop.
De handen slap maakt een magere soep.

251. De kroade wol wol rôlje, mar jo moatte him wol skowe.
De kruiwagen wil wel rollen, maar je moet hem wel duwen.

250. De slimste pleagen foar in skipper binne in lek skip en in lilk wiif.
De ergste plagen voor een schipper zijn een lek schip en een kwade vrouw.

249. De wei fan de leafde hat gjin ôfstân.
De weg van de liefde kent geen afstand.


248. Der is gjin ljocht sa skel of der is in skaad by.
Er is geen licht zo schel of er is een schaduw bij.

247. Der is hast nea in pot sa bryk of der is in deksel lyk.
Er is bijna nooit een pot zó scheef of er past wel een deksel op.

246. Dy’t folle hat sil folle litte, dy’t langst libbet sil it allegear besitte.
Degene die veel heeft zal veel nalaten, die het langste leeft zal het allemaal bezitten.

245. Dy’t altyd spoeken sjocht, hat lêst en lijen om ‘e nocht.
Die altijd spoken ziet, heeft last en lijden voor niet.


244. Dy’t in oar beskrobje wol, moat sels suver wêze.
Wie een ander wil berispen, moet zelf zuiver zijn.

243. Dy’t it measte krimmenearret hat trochstrings it minste lêst.
Wie het meeste kermt heeft doorgaans het minste last.

242. Dy’t oer balken springt, moat oer in strie net stroffelje.
Wie over balken springt moet niet struikelen over een strootje.

241. Dy’t tagelyk tefolle pylken op syn bôge hat, treft gjin inkeld doel.
Wie tegelijk teveel pijlen heeft op zijn boog, treft geen enkel doel.

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/07/sprekwurden-dozyn-21-d-2/