web analytics

IN DEI FRIJ

Foarhinne wie it lestich om in dei frij te nimmen. Vroeger was het lastig om een dag vrij te nemen.

 
– Twa meiwurkers fan in bedriuw sitte te krimmenearjen op it wurk.
  Twee medewerkers van een bedrijf zitten te zuchten en kreunen op het werk.
 
– Hja soenen sa graach ris in dei frij nimme mar de baas hat al it ferlof útsteld om’t der te folle wurk is.
Ze zouden zo graag eens een dag vrij nemen, maar de baas heeft alle verlof opgeschort omdat er te veel werk is.
 
Ynienen spat ien fan de twa oerein.’ Ik wit in wize om inkele dagen ferlof te krijen’, ropt hy.
Plots springt een van de twee op. ‘Ik weet een manier om enkele dagen verlof te krijgen’, roept hij.
 
– ‘Hoe dan?’, freget de oare. De man sjocht gau om him hinne – neat te sjen, gjin sjef.
  ‘Hoe dan?’ vraagt de ander. De man kijkt snel rond  –  niets te zien…geen chef.
 
– Hy klimt op syn buro, nimt inkele tegels út it falske plafond en klimt yn it gat.
  Hij klimt op zijn bureau, neemt enkele tegels uit het valse plafond  en klimt in het gat.
 
Dan slacht er de fuotten oer in metalen piip. Lit him sakje en hinget sa mei de holle nei ûnderen ta.
Dan slaat hij zijn benen over een metalen pijp, laat zich zakken en hangt zo met zijn hoofd naar beneden.
 
– Yn inkele sekonden stiet de baas der. ‘Wat is hjir oan ‘e hân?’ wol er bartsk witte.
  Binnen enkele seconden staat de baas er. ‘Wat is dat hier allemaal?’ wil hij bars weten.
 
– ‘Ik bin in lampe,’ seit de man.
  ‘Ik ben een lamp,’ zegt de man.
 
– ‘Ik tink datsto in bytsje oerwurke bist. Meitsje datst fuortkomst en dat is in befel. Ik wol  dy hjir minstens in wike net sjen’
‘Ik denk dat jij een beetje overspannen bent. Maakt dat je wegkomt, en dat is een bevel. Ik wil je hier minstens een week niet zien’ 
 
– ‘Ja mynhear de baas’, andere de man hiel tam.
  ‘Ja meneer de baas’, antwoordt de man heel gedwee.
 
– Hy springt nei ûnderen en ferdwynt troch de doar.
  Hij springt naar beneden en verdwijnt door de deur.
 
– De twadde man giet ek stean en rint ek gau nei de doar ta.
  De tweede man gaat ook staan en loopt ook snel naar de deur.
 
– ‘Hela, wêr sil dat hinne?’, freget de sjef.
  ‘Hela, waar ga jij nou naartoe?’, vraagt de chef.
 
– ‘Nei hûs. Ik kin net wurkje yn it tsjuster…’
  ‘Naar huis. Ik kan niet werken in het donker…’  
 
 
 

Met dank aan Gerard Griesel, hertaling Henk Veenstra en Baukje Miedema.
ALLE GRAPKES 2009

Alle grapkes (taalhulp) 2008

 

 

 

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/07/in-dei-frij/