web analytics

BUOI (BUI )

No bin de stoarmen oer ús hinne gien
stil dript de rein nei út ‘e wiete goaten
der falle triennen yn it iere grien,
oan ’t lege hout sprute de jonge loaten.

Wy lizze wang oan wang, de tiid fergiet
wy binne fûgels, drean op wyn en wetter
de nacht is lang, ús leafde bitterswiet
net tinke oan moarn, net tinke no oan letter.

                                                                                                         Tsjits Peanstra

 

 
KLIK HIER

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2009/02/buoi-bui/