web analytics

AAN ALLES KOMT EEN EIND ( fryske sei-siswizen, dozyn 15) OAN ALLES KOMT IN EIN

  

Klik hier om te luisteren naar > sprekwurden 169 – 180 

 180. In goed begjin is ’t heale wurk.

Een goed begin is het halve werk.

 

179. Alles moat in ein ha, sei Okke, en hy biet in kreakeling midstwa. Everything must have an end, said Okke, and he bit a pretzel in two. Alles moet een eind hebben, zei Okke, en hij beet een krakeling doormidden.
 
178. Dat ha wy ek wer belibbe, sei Feike, en hy kaam yn juny al te nijjierôfwinnen.
Dat hebben we ook weer gehad, zei Feike, en hij kwam al in juni om nieuwjaar te wensen.
 
177. ’t Giet swietsjeswei nei de ein, sei ’t âld minske, doe iet se fan in Dimter koeke.  Het gaat zo zoetjesaan naar het eind, zei het oude vrouwtje, en ze at van een Deventer koek.

 

176. Ik bin by ’t ferstân trochrekke, sei de boer. Doe’t ik jong wie, siet it yn ‘e âlderdom en no’t ik âld bin, sit it yn ‘e jeugd.
Ik ben het verstand misgelopen, zei de boer. Toen ik jong was paste dat bij de ouderdom en nu ik oud ben zit het bij de jeugd.
 
175. Fan in útbliesd aai is de skyl tear.
Een uitgeblazen ei heeft een tere schil.
 
174. De slak en de hazze hawwe op ‘e selde dei nijjier.
De slak en de haas hebben op dezelfde dag nieuwjaar.

 

173. In minskelibben hat ek fjouwer tiden fan it jier. Nei in warbere simmer kin de hjerst ek hiel moai wêze. Het mensenleven kent ook vier jaargetijden. Na een actieve zomer kan de herfst ook heel mooi zijn.
172. Oan alles komt in ein, sei de man, en hy foel fan ‘e boppeste trieme fan ‘e ljedder. Everything comes to an end, the man said, and he fell from the top rung of the ladder. Aan alles komt een eind, zei de man, en hij viel van de bovenste tree van de ladder.

171. Eltse dei ien triedsje spûn is oan it ein fan it jier in himdsmouwe wûn.
Alle dagen één draadje gesponnen is op het eind van het jaar een hemdsmouw gewonnen.

170. Alles komt oan de ein, sei Sinteklaas. De Krystman koe noch krekt, mar ik begjin net mear oan de Peaskehazze. Aan alles komt een eind, zei Sinterklaas. De kerstman ging nog, maar ik begin niet meer aan de Paashaas.

169. Oan de ein fan ‘e tocht is it goed rêsten. Aan het eind van de reis is het goed rusten.

 

Permanente koppeling naar dit artikel: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2008/12/aan-alles-komt-een-eind-fryske-sei-siswizen-dozyn-15-oan-alles-komt-in-ein/