web analytics

ADAM & EVA (grapke)

foto

 

 

 

 

ADAM & EVA

Adam libbe fier hjir fandinne
yn de tún fan Eden, poer allinne,
wol mei de seine fan de Hear,
wat wol in minske noch mear.
Hy run neaken en bleat,
baaide yn ‘e sinne en yn ‘e sleat,
geniete sa’t it like
sân dagen yn ‘e wike.

Adam libbe foar de wyn
by dei en by sinneskyn.
Oant hy seach, yndie,
dat elts bist in wyfke hie.
Hy sei: Hear ik wol net seure,
mar der moat wol wat gebeure.
Ik freegje jo nederich mar mei sin:

in wiif foar my is wol in gewin. 


Goed, sei God, ik sil dy ien jaan.
De rest moast do sels dan dwaan.
Ik soargje foar in wiif, moai en nij,
dy’t har libben diele sil mei dy.
Adam die doe aardige dingen,
hy makke twa ferlovingsringen,
sjongend ta de Hear: ik krij in wiif

foar net mear as in rib út myn liif. 

 

Doe’t Adam te sliepen lei
die God syn krewei.
Hy makke de dream fan elke man
eksakt neffens plan.
En se libben hiel tefreden
tegearre yn de tún fan Eden.
De simmer rûn al nei de ein
doe’t Eva rôp, hiel optein,

dêr hingje appels yn de beam. 

 

 Ik wol ien ite: it is myn dream.

Wat kin de Heare dêr no op tsjin ha,
ien appel minder, wat in poeha.
Yn in beam, sa folle mei fruit
makket ien appel neat út, op dit stuit.
Se naam in hap, wylst se sei:
ien appel deis, dat giet der mei.

 

 

Doe wie it dien mei it paradys.
Fan doe of oan wie wurkjen it devys.
Troch ien appel, sa’t wy no witte,
moatte wy ús no út de naden switte.
Ien appel, foar Eva in feestmiel,
mar it snijde djip yn minskensiel.
De konklúsje: hawwe jo in kar,
snobje ferstannich, yt in par.

 

Auteur onbekend. Vertaling Baukje Miedema.

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2008/10/adam-eva-grapke-2/