web analytics

een WIT voetje.

IN WYT FUOTSJE TUSKEN DE DOAR……….. EEN WIT VOETJE TUSSEN DE DEUR

-Presidint Bush wol it Wite Hûs opnij yn ‘e ferve ha, yn it wyt fansels.
President Bush wil het Witte Huis herschilderd hebben, in ’t wit uiteraard.

-En om’t alle faklju yn Irak sitte, moat hy wol in berop op Europeanen dwaan.

En omdat alle vakmensen in Irak zitten, moet hij wel een beroep doen op Europeanen.

-In Hollanner, in Dútser en in Flaming tsjinje in offerte yn.

Een Nederlander, een Duitser en een Vlaming dienen een offerte in. 

-Presidint Sjors Dûbeljoe Bush, ek in bytsje yn de war troch grutte priisferskillen yn de offertes, freget de trije ynskriuwers om nei Washington te fleanen om harren offerte persoanlik te ferdigenjen.

President Sjors Dubbeljoe Boesj, ook een beetje verward door grote prijsverschillen in de offertes, vraagt de drie inschrijvers om naar Washington te vliegen om hun offerte persoonlijk te verdedigen. 

-De earste is de Hollanner.
De eerste is de Nederlander.
 

-Tsja, seit Bush, do bist de goedkeapste. Do fregest mar ien miljoen euro. Hoe kin dit sa?
Tsja, zegt Bush, jij bent de goedkoopste. Je vraagt maar één miljoen euro. Hoe komt dit?. 

-No ja, seit de Hollanner, wy Hollanners binne slim sunich en kinne dus folle mear fervje mei deselde poarsje ferve as de oare skilders.
Nou ja, zegt de Nederlander, wij Nederlanders zijn zeer zuinig en kunnen dus veel meer verven met dezelfde hoeveelheid verf dan andere schilders.

-Dan komt de Dútser deryn.
Dan komt de Duitser binnen. 

-Sjors Bush: Do fregest twa miljoen euro. Lis ris út wêrom asto dûbeld sa folle ha moatst as de Hollanner?
Sjors Bush: Jij vraagt twee miljoen euro. Leg eens uit waarom je twee keer zoveel moet hebben als de Nederlander?
 
 -Hiel ienfâldich, seit de Dútser, Qualität en Gründlichkeit giet boppe alles. Dat utert him fansels yn in wat hegere priis.
Heel eenvoudig, zegt de Duitser, Qualität und Gründlichkeit gaat boven alles. Dat uit zich natuurlijk een een wat hogere prijs.

-As lêste is de Flaming oan bar.
Als laatste is de Vlaming aan de beurt.

-Awel, seit Bush, do bist trije kear sa djoer as de Hollanner, en do bist ek noch ien miljoen djoerder dan dy Dútser. Hoe kinst dat útlizze?

Awel, zegt den Bush, gij zijt drie keer zo duur als de Nederlander, en je bent ook nog één miljoen duurder dan die Duitser. Hoe verklaar je dat?. 

-Hiel ienfâldich jonkje, seit de Flaming. Ien miljoen foar jo, ien miljoen foar my, en we litte dy Hollanner fansels it wurk dwaan.
Heel gemakkelijk jong, zegt de Vlaming.  Eén miljoen voor u, één miljoen voor mij, en we laten dien Hollander natuurlijk het werk doen.
 
Seit Bush:  Wannear kinne jo begjinne ?
Zegt Bush: Wanneer kun je beginnen ?



Jofel dat je deze week weer even keek.
Wat prachtich datst hjir eefkes omstrúnst.
Blijf kijken man, er komt nog veel meer an.
Bedankt en..OANT SJEN. Op naar nieuwste editie

 

Permanente koppeling naar dit artikel: https://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/2008/08/een-wit-voetje/